Ilse Noorman, elk jier yn bytsje better

Ilse keatst al sûnt de legere skoalle en giet ek al jierren nei de KNKB wedstriden. Yn de foargeande jierren moast se har motivaasje foar it keatsen diele mei dy foar it reedriden. Mar dit jier hat it keatsen har dochs goed yn de “besnijing” krigen. Troch trou de KNKB trainingen te folgjen en sa no en dan ek yn Mantgum ris in baltsje op te smiten, wurde har prestaasjes ek better. It grutste sukses wie dit jier fansels de oerwinning op it NK mei Thalia en Elaine Reitsema, mar ek sûnder har maten út eigen doarp wie der sukses. By de KNKB wûn sy twa earste, twa tredde en ien twadde priis en in pear kear in priis by de ôffallers fan de earste omloop. Ilse mei folgend jier noch in kear dielnimme yn de famkes kategory. Mooglik kin se dan mei Elaine noch in kear besykje om in goed risseltaat te heljen op de Ald Meiers partij. Want dat is oant no ta sa’n bytsje de ienichste wichtige keatswedstriid dêr’t sy gjin priis wûn hat. De hoop is no festige op in seleksje foar de A-groep by de famkes. Dan kriget sy folgend jier mear útdaging en wurdt se mooglik noch better. Wa wit stean der oer twa jier trije of mooglik wol fjouwer Mantgumer froulju op de list foar de Froulju’s PC?

Geplaatst op 29 August 2007